Categorieën
Fryslân Politiek Wonen

Nije wenromte troch werbestimming

(tekst: provinsje Fryslân)

De provinsje Fryslân stelt € 410.000,- beskikber foar it bouwen fan selsstannige wenten yn besteande gebouwen, saneamde werbestimming. Sa kin gau nije wenromte realisearre wurde en krije leechsteande gebouwen in nije funksje. De regeling wurdt 18 maart 2024 iepensteld.

By de iepenstelling fan de regeling Herbestemming yn 2022 wie der in soad belangstelling. De provinsje ferwachtet dêrom dat ek dizze regeling foarsjocht yn in ferlet. Troch dizze transformaasje fan besteande gebouwen kin gau op duorsume wize nije wenromte realisearre wurde. En troch leechsteande gebouwen in nije bestimming te jaan kin ek ferpaupering binnen doarpen en wiken foarkaam wurde. Dat komt de leefberens ten goede.

Deputearre Sijbe Knol: “Der binne noch in soad gebouwen dy’t troch in ferbouwing oanpast wurde kinne foar it wenjen. We wolle eigeners fan gebouwen dy’t har eardere funksje kwyt rekke binne, stimulearje om der wenningen fan te meitsjen. Sa kinne we fluch nije wenten meitsje, tichtby besteande foarsjennings.”

It giet om in bedrach fan €410.000,- wêrmei’t in bydrage foar yn totaal 27 wenningen oanfrege wurde kin. Mei de subsydzje kinne inisjatyfnimmers in besteand gebou, of in part dêrfan, transformearje fan net-wenromte nei ien of mear selsstannige wenromten.