Categorieën
De Fryske Marren Fryslân Súdwest Water

Fryske oerheden wiis mei fundearringsadvys Rli

(tekst: provinsje Fryslân)

De Fryske oerheden stypje it driuwende advys om te kommen ta in effektive nasjonale oanpak fan fundearringsproblematyk. Dat advys oan it kabinet is tongersdei presintearre troch de Ried foar de leefomjouwing en ynfrastruktuer (Rli ). It slút oan by de stappen dy’t de provinsje, Wetterskip Fryslân en gemeenten al set hawwe.

De Rli stelt dat 425.000 gebouwen yn Nederlân tusken no en 2035 te meitsjen krije kinne mei fundearringsproblemen. Foar it Fryske feangreidegebiet jildt dat foar sawat 12.500 huzen mei ûndjippe fundearrings en houten pealfundearrings. Faak is fundearringsproblematyk in ferburgen probleem, mar op guon plakken liede fersakkings al ta skea, bygelyks by de bekende koadereadgefallen yn de Grutte Feanpolder yn Weststellingwerf. De minsken dy’t it oangiet, wurde net allinnich konfrontearre mei praktyske en finansjele problemen, mar ek mei soargen, frustraasjes en stress.

Stipe foar nasjonale oanpak

De Fryske oerheden binne wiis mei it Rli-foarstel foar in nasjonale oanpak. De problemen mei fundearrings binne al langer bekend, mar noch net oplost. It is dêrom wichtich dat der no lanlik omtinken is foar reparaasje en previnsje. De Fryske oerheden geane derfan út dat it Ryk dêr mei faasje mei oan de slach giet en hoopje dat de formearjende partijen der ek omtinken foar hawwe. De Rli advisearret oant 2035 in oanpak oer 5 spoaren: soargje foar in bettere ynformaasjefoarsjenning, it foarkommen fan mear skea, it ûntsoargjen fan bewenners dy’t it oangiet, it kreëarjen fan subsydzje- en lienmooglikheden en it soargjen foar in mienskiplike útfiering mei in nasjonaal koördinator.

Troch mei Fryske maatregels

Dat slút oan by de oanpak dêr’t sûnt 2020 foar it Fryske feangreidegebiet oan wurke is. It Rli-advys stipet de Fryske konklúzje dat de oplossing foar de problemen net te finen is yn juridyske prosedueres en dat de problematyk in lanlike oanpak freget, omdat dy te grut is foar legere oerheden. Yn ôfstimming mei it Ryk wolle de Fryske oerheden trochgean op de wei dy’t ynslein is.

Fundearringsloket en subsydzjeregelingen

Op freed 1 maart is it Fundearringsloket Fryslân iepene. Fryslân hat al in subsydzjeregeling foar fundearringsûndersyk en komt letter fan ‘t jier mei in subsydzjeregeling foar fundearringsreparaasje. Foar de skrinende gefallen wurdt wurke oan in passende oplossing. It Rli-advys pleitet ek foar it ynstellen fan in loket en subsydzjes foar fundearringsûndersyk, it meitsjen fan in ophelpplan en it eigentlike reparaasjewurk.

Op de goede wei

De oerienkomsten tusken de Fryske oanpak en it Rli-advys fersterkje by de Fryske oerheden it gefoel dat se op de goede wei binne. Se riede boargers mei fragen oan kontakt te sykjen mei it Fundearringsloket Fryslân en as dat nedich is ek oanspraak te meitsjen op de subsydzjeregeling foar ûndersyk.