(tekst: provinsje Fryslân)
It Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân krijt in ferfolch yn 2024. Deputearre Steaten stelt op basis fan it bestjoersakkoart foar de jierren 2024 oant en mei 2027 yn totaal 1 miljoen euro beskikber. It programma wurket dêrmei fierder oan it stabilisearjen – en op langere termyn tanimmen – fan it bioferskaat yn Fryslân.
Yn 2024 set it programma ûnder oare yn op in trochrinnende learline Leefomgeving. By it basis-, fuortset- en beropsûnderwiis oer bioferskaat, mar ek it ûnderwiis foar 25-plussers, goed opinoar oanslút. Der komt in twadde edysje fan it biodiversiteitsfestival BROED mei ikoanprojekten yn de regio. Ek wurdt der fierder wurke oan it ynrjochtsjen fan provinsjale stipepuntlokaasjes foar it bioferskaat en it fersterkjen en útbouwen fan it netwurk fan de Fryske oerheden. Op it mêd fan kennisútwikseling, mar ek as it giet om it fersterkjen fan bioferskaat yn de fysike romte, lykas wâl- en bermbehear.
It beskikber meitsjen fan ynformaasje oer bioferskaat stiet sintraal op kennisplatfoarm www.biodiversiteit.frl. Om ek in breed publyk mear ynsjoch te jaan yn de steat fan it Fryske bioferskaat, wurkje de provinsje en it programma takom jier oan it tagonklik en dúdlik presintearjen fan de beskikbere ynformaasje en sifers.
Ferbreedzje
Dit jier ûndersykje de belutsen partijen hokker mooglikheden der binne om it programma foar de langere termyn in ferfolch te jaan. Bygelyks troch de ferbreding te sykjen en oan te sluten op de lanlike Aginda Natuerynklusyf. Neist de ûnderwerpen dêr’t it werstelprogramma him no al op rjochtet, fokust de Aginda Natuerynklusyf ek op it bioferskaat yn oare domeinen. Op de plakken dêr’t wy wenje, wurkje en rekreëarje. Bygelyks natuerynklusiviteit op yndustryterreinen, yn de bou, enerzjy en gastfrijheidsekonomy.
Gearwurking
It Herstelprogramma Biodiversiteit is in gearwurkingsprogramma fan de Fryske gemeenten, organisaasjes op it mêd fan natuer, kultuer, ûnderwiis en lânskip, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân. Dêrneist is der ek in brede skyl oan ûndersyksorganisaasjes en lokale bedriuwen en (boarger)inisjativen dy’t in wichtige rol spylje yn it foarúthelpen fan it bioferskaat. Sa siedden ferline jier twa lokale basisskoallen bygelyks in Insectenidylle oan it Pylkwiersterpaad yn gearwurking mei IVN Natuureducatie, gemeente Ljouwert en op inisjatyf fan Doarpsbelang Himpens-Tearns.