Categorieën
Financiën Fryslân Landbouw Natuur en milieu Water

Subsydzje foar fundearringsûndersyk wenten feangreide

De provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân stelle in subsydzje beskikber foar it útfieren fan fundearringsûndersyk oan wennings yn it feangreidegebiet. De subsydzje is ûnderdiel fan de fundearringsoanpak fan it Feangreideprogramma. “Mei dizze subsydzje kinne eigeners fan wennings ûndersykje oft harren wenning fundearringsskea hat,” lizze Remco van Maurik (lid fan it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân) en deputearre Friso Douwstra fan de provinsje Fryslân út. “Wy binne bliid dat wy ynwenners fan no ôf mei dizze earste stap helpe kinne.”

Yn it feangreidegebiet binne der wennings dy’t mei (begjinnende) fundearringsproblemen te krijen hawwe. Troch boaiemdelgong en lege grûnwetterstannen kinne fundearringspeallen foar in part net mear ûnder wetter stean. Oant 1970 waarden wennings benammen op houten peallen boud. As dy net mear ûnder wetter steane, kin der pealrot ûntstean. Dêrtroch kin de fundearring fersakje. Faak is dat te fernimmen oan bygelyks skuorren yn muorren, fersakke bûtenmuorren of ruten en doarren dy’t lestich slute. Om fundearringsproblemen fêst te stellen is it oan te rieden om fundearringsûndersyk útfiere te litten. “It is wichtich om te witten oft de fundearring fan jo wenning skea hat. Krekt ek omdat minsken by begjinnende skea noch op ‘e tiid wat dwaan kinne, is it fan belang om net te lang te wachtsjen,” sa sizze de bestjoerders.

Subsydzje oanfreegje fan 9 jannewaris ôf

De subsydzje fundearringsûndersyk is beskikber foar ynwenners yn it feangreidegebiet mei in wenning dy’t foar 1970 boud is. Dy subsydzje fergoedet 80% fan de makke ûndersykskosten, oant in maksimum fan €4.000,- it hûs. Ynwenners dy’t ek gebrûk meitsje fan in frijskattingsregeling fan provinsje of wetterskip kinne 100% fan de fundearringsûndersykskosten fergoede krije oant in maksimum fan €7.500,-. Oanfragen kin fan 9 jannewaris 2024 ôf fia de webside fan it Feangreideprogramma: www.feangreidefryslan.frl. Yn 2024 folget ek in regeling foar de temjittekomming yn ‘e kosten foar it opknappen fan fundearrings.

Frysk Fundearringsloket

It Feangreideprogramma wurket oan it opsetten fan Fundearringsloket Fryslân. Dêr kinne ynwenners online terjochte foar ynformaasje oer fundearringsproblemen. Dêrneist is it mooglik in ôfspraak te meitsjen mei in fundearringsekspert foar advys en stipe. Nei ferwachting giet it Fundearringsloket Fryslân yn maart 2024 iepen. Oant dy tiid kinne minsken terjochte by it Kennis Centrum Aanpak Funderingsproblematiek – Landelijk Funderingsloket (kcaf.nl).