(tekst: Abe de Vries)
Harmen Sytstra (1817-1862) is yn de Fryske skriftekennisse foaral in museumstik op de ôfdieling kultuernasjonalisme. Neffens ûnder mear Douwe Kalma en Eeltsje Boates Folkertsma hat er de earste en iennichste Fryske skriuwer yn de njoggentjinde ieu west dy’t sokssawat as syn Frysk-nasjonale taak ferstie. Dat oerhearskjende kultuernasjonale perspektyf, dat foar de Twadde Wrâldoarloch mien wie ûnder sawol Jongfryske as ortodoks-protestantske skôgers, hat ús lykwols fierhinne it sicht weinaam op oare aspekten fan syn skriuwerskip, sa’t ik op ferskate plakken útholden ha, ûnder mear hjir en hjir.
Sytstra hat behalve op it Frysk-nasjonale mêd ek op oare flakken in, wat ik neamd ha ‘ideology-fernijer’ west. Syn wurk kin ek lêzen wurde as in paadsljochtsjen foar sawol it him yn de fjirtiger en fyftiger jierren fan de njoggentjinde ieu ûntjaande ‘Fryske realisme’ mei syn sosjale krityk, likegoed as foar it yn dyselde jierren tanimmende Frysk-literêre ferset tsjin de mear fûnemintalistyske streamingen yn it protestantske leauwe.
Sawol de ‘sosjale Sytstra’ as de ‘frijtinker Sytstra’ komme wy al tsjin yn syn debút, de yn septimber 1841 by boekhannel en útjouwerij Ypma yn Frjentsjer ferskynde samling ferhalen en fersen dy’t er de titel Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts scriften meijoech. Sytstra, berne yn Mullum yn in arbeidershúshâlding, hjitte doe noch fan Zijlstra; letter feroare er syn namme om’t er miende – hy wie al gau in weesbern – dat syn heit dy net goed trochjûn hie by de boargerlike stân op it gemeentehûs fan Barradeel yn Seisbierrum.
Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/