Categorieën
Energie Fryslân Politiek

Earste stap nei besparje en ferduorsumje is isolearje

It isolearjen fan wenten en gebouwen moat flugger, neffens de Friese Energie Alliantie, it Enerzjyteam Fryslân en provinsje Fryslân. De partijen hawwe de krêften bondele en geane yn ‘e mande mei gemeenten en wenningkorporaasjes oan ‘e slach om it tempo oangeande isolearjen te ferheegjen. Dit is de start fan in yntinsive gearwurking tusken ûnder oare oerheid, wenningkorporaasjes, bedriuwslibben en maatskiplike organisaasjes. Om dat te stypjen komt der in Enerzjybank Fryslân foar minsken mei in krappe beurs.

Oanfalsplan Isolearjen Fryslân

It doel fan it oanfalsplan is om de ynwenners fan Fryslân op it mêd fan it isolearjen te ûntsoargjen. Dat kin troch in kollektive (string) isolaasje-oanpak foar hier- en keapwenten mei enerzjylabel E, F en G te ûntwikkeljen. De oanpak wurdt ûntwikkele oan ‘e hân fan ferskate regionale en lokale pilotprojekten. It stribjen is om fan ’t hjerst mei de earste pilot útein te setten. De ûnderfinings en resultaten fan dy pilotprojekten wurde útwurke yn it Oanfalsplan Isolearjen Fryslân, dat by it nasjonaal isolaasjeprogramma fan it ministearje fan BZK oanslút.

Yn oerienstimming mei it provinsjale enerzjyprogramma sil oansluting socht wurde by it útfieringsprogramma fan de RES. Dat jildt foar it bestindigjen en it útwreidzjen fan it Enerzjyteam Fryslân likegoed, as foar de oanpak enerzjyearmoede en de útwurking en it opstellen fan it Oanfalsplan Isolearje Fryslân.

Enerzjybank Fryslân

Yn oanfolling op it Oanfalsplan Isolearje Fryslân en it Enerzjyteam Fryslân wurdt der in Enerzjybank Fryslân oprjochte. De Enerzjybank helpt minsken dy’t te meitsjen krije mei enerzjyearmoede. De help bestiet út enerzjycoaching en it leverjen fan dat wat nedich is om de besparring realisearjen.