Categorieën
Boeken Cultuur Fryslân Literatuur

Wêrom Hylke net? It goede antwurd

‘Kommissaris fan de Kening Arno Brok frege him ôf wêrom’t Hylke Speerstra de Gysbert Japicxpriis nea krigen hat’, stiet der boppe de kollum fan Pieter de Groot op LC-ynternet (16 novimber). It antwurd fan De Groot: ‘Ja, dat is in wûnder fenomeen, literêre sjuerys en advyskommisjes slane briljante fertellers dy’t by it folk in gefoelige snaar reitsje, ornaris leech oan, want “gjin echte literatuer”.’

Mar De Groot hâldt ús hjir in bytsje foar it lapke… Jawis, it wûnder fenomeen dat er neamt, sil wol meispile hawwe. It is in lûd dat wy ek al hiel lang hearre. Mar yn it gefal fan Hylke Speerstra, mei syn roman Testamint foar de siel anno 2023 dochs in grutte kânshawwer foar de Gysbert, liket in hiel oare en hiel konkrete reden folle belangriker. Dat wit De Groot sels ek wol, allinnich, hy skriuwt it net op.

Lit my dat dan mar dwaan. De elephant in the room is dat Jelma Knol, eks-redakteur fan de Friese Pers Boekerij – hiel lang Speerstra syn útjouwer– troch de Afûk foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 frege is. En tasei. Op dat stuit, op dat krekte stuit, wiene de kânsen fan Speerstra inkeld noch hypotetysk.

Lês fierder fia: https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/