Categorieën
Dieren Fryslân Politiek

FNP wol oanpassing wolve-oanpak

(tekst: FNP Fryslân, 2 novimber 2023)

FNP-Steatelid Tjitte Hemstra stelt fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de subsydzjeregeling foar feehâlders om maatregels te treffen om fee te beskermjen tsjin ‘e wolf. It docht bliken dat de measte feehâlders gjin gebrûk meitsje fan dy regeling, mar salang’t fee net goed beskerme wurdt, binne skiep, geiten en oare bisten maklike proaien foar ‘e wolf en bliuwe se fee oanfallen yn stee fan wyld.

Op 30 oktober ll. stie nei oanlieding fan it ûndersyk fan de ‘Wolvencommissie Gelderland’ in stik yn ‘e krante wêryn’t dy de konklúzje luts dat feehâlders fierste min maatregels tsjin de wolf nimme, en dat yn Fryslân mar 1.8 prosint fan ‘e skieppegreiden deugdlike stekken hawwe.

De Provinsje Fryslân hat in subsydzjeregeling foar feehâlders om maatregels te treffen om fee te beskermjen tsjin ‘e wolf, mar it docht bliken dat de measte feehâlders dêr gjin gebrûk fan meitsje. Mooglike oarsaken foar it net nimmen fan maatregels leit oan dat guon feehâlders gjin fertrouwen hawwe yn ‘e wurking fan ‘e stekken. Dêrneist kostet de oanskaf en it ûnderhâlden fan de stekken in protte tiid en jild fan ‘e feehâlder. Guon feehâlders nimme dêrom it risiko dat de wolf taslacht, om’t de kosten fan skea net tsjin de kosten foar it beskermjen fan it fee opwaget

De FNP wol witte hoe de provinsje stimulearje kin dat de besteande subsydzjemooglikheden om it fee te beskermjen better brûkt wurde en oantrekliker makke wurde kinne foar gruttere feehâlders. De partij freget ek hoe’t it kolleezje der foar soarget dat de besteande wolvekonsulint faker troch feehâlders ynskeakele wurdt. Salang’t de wolf strang beskerme is ûnder de besteande nasjonale en Europeeske natuerwetjouwing, fynt de FNP dat de oerheid de feehâlders temjitte komme moat sadat sy dy maatregels nimme kinne dy’t nedich binne foar de feiligens fan harren bisten.

Sjoch ek: https://www.fnp.frl/blog/nijs/fnp-wol-oanpassing-wolve-oanpak/