Ik woe it witte, frege it oan ‘e minsken dy’t ik koe:
hja laken mar wat om de fisk yn myn eagen.
Dat ik gie op ‘en paad, ik hie in kaartsje kocht,
hie myn nocht fan de freonlike groetnissen efter myn rêch.
Sokken, boeken en twa ûnderbroeken troppe yn ‘e rêchtas as
tsjinwicht foar de búk: dêr swommen deade bisten leaf yn wite wyn.
Ik hie fuotten, skuon en skonken, dat ik rûn nei it stasjon;
myn tinzen stiene yn ‘e file foar it stopljocht.
‘Jo kinne likegoed thúsbliuwe’, rôp it reade mantsje.
© Cornelis van der Wal
Dit fers stiet yn de bondel De toer.