Categorieën
Cultuur Europa Fryslân Politiek

Sybren Posthumus seit eare-lidmaatskip fan de European Free Alliance op

It is tiid om saken dy’t net mear klopje los te litten. Doarren dy’t fêstrinne te sluten en nije doarren te iepenjen. Ald te ferfangen troch nij en foarút te sjen nei in earlike, bettere takomst.

Dêrom haw ik besluten it eare-lidmaatskip fan de EFA (European Free Alliance), in partij yn it Europeesk parlemint dêr’t ek de FNP by sit werom te jaan. Foar my in hiele stap mar wol wichtich om de enerzjy oan de goede dingen te jaan. Hjirûnder stiet myn motivaasje, dy’t ik fansels ek noch yn it Ingelsk tastjoere sil.

Reduzum, Fryslân, 4 oktober 2023

Bêste minsken fan de EFA,

Noch tank foar de útnûging om op it EFA-kongres te kommen, fan 13 op 14 oktober yn Straatsburch. Ik sil dêr net komme, om’t ik fan betinken bin dat de takomst fan de minskheid net (mear) leit yn politike systemen en –struktueren, mar yn it sels kreëarjen fan in bettere en earliker wrâld. Troch sels en mei oaren te bouwen oan mienskippen dy’t selsfoarsjennend binne. En dat der net langer fan boppen-ôf, troch steaten, big-tech, big-finance en ynternasjonale organisaasjes lykas de EU, WHO, NATO, Feriene Naasjes ensfh regels en bepalingen oplein wurde oan de gewoane minsken. Ik en mei my hieltyd mear minsken gean út fan de krêft en autonomy fan minsken sels, om sels ús bestean en takomst te meitsjen. En konstatearje dat kultuer, ûnderwiis, lânbou, enerzjysektor en ekonomy fia de âlde, tradysjonele linen fan de oerheid en de bekostiging dêrfan al lang net mear goed wurkje.

Dat betsjut dus ek dat politike partijen dy’t noch wol wurkje oan en mei dy âlde systemen, út de tiid binne. In pear jier lyn haw ik it lidmaatskip fan de FNP dêrom al opsein. Hjirby sis ik dêrom ek it eare-lidmaatskip op fan de EFA, de European free Alliance. En kom dus ek net mear by gearkomsten, kongressen en reizen fan de EFA.

It plakkaat dêr’t op stiet dat ik yn april 2013 earelid wurden bin sil ik ynkoarten nei it FNP-hûs bringe. De minsken fan de FNP kinne der dan foar soargje dat it werombrocht cq –stjoerd wurdt oan de EFA.

Ik wol jimme fansels noch wol tige tanksizze foar alle betrouwen dat ik al dy jierren fan jim hân hawwe en winskje jim op persoanlik nivo alle goeds ta,

Hertlike groetnis,

Sybren Posthumus