Categorieën
Blik op Bolsward Cultuur Fryslân Súdwest Taal

Sytze de Haas út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

(tekst: Tresoar)

Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwster Jetske Bilker foar har boek ‘Spegel en sonde.  

De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen. 

Bern yn hiel Fryslân diene mei oan in edukaasjeprojekt fan Tresoar, skreaune gedichten en stjoerden dy yn om yn oanmerking te kommen foar dizze fûl begearde priis. Sytze de Haas, dy’t foar de simmer noch yn groep 8 fan Regioskoalle De Greidefûgel yn Baard siet, skreau it gedicht ‘Ik gean fuort’ en wûn dêrmei de priis. De sjuery dy’t bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân), Wybo Smids (Akteur en muzikant) en Tjitske van Dijk (Skriuwster lesmateriaal by de Afûk), seit oer it gedicht: “It gedicht is hiel persoanlik en dochs is it foar elkenien werkenber”. 

Nei de útrikking, troch wethâlder Petra van den Akker fan gemeente Súdwest-Fryslân, mei de priiswinner syn namme op in spesjaal boerd sette yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx yn Boalsert.  

Elkenien is wolkom om by de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis op sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert te wêzen. De ynrin yn de tsjerke, mei kofje en tee, is om 14.15 oere. It offisjele programma duorret fan 15.00 oant 16.30 oere.