Categorieën
Fryslân Onderwijs

Frysk lesmateriaal fergees foar skoallen

Alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis krije fan takom skoaljier ôf fergees Frysk lesmateriaal oanbean. Yn it primêr ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije fergees tagong ta de digitale lesmetoade Searje 36 en ûntfange it tydskrift LinKk.

Deputearre Sietske Poepjes: “Skoallen foar it primêr en fuortset ûnderwiis moatte uterlik yn it jier 2030 alle kearndoelen, lykas Frysk lêze en skriuwe, oanbiede. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en de provinsje mei-inoar útsprutsen hawwe yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Mei it fergees beskikber stellen fan de Fryske lesmetoaden en de tydskriften stypje wy de skoallen by it beheljen fan harren ambysjes foar it Frysk.” 

It fergees oanbieden fan it lesmateriaal is mooglik troch it oanpassen fan de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF). Earder waard dit jild fan it Ryk fia de provinsje ferdield ûnder de skoalbestjoeren foar de oanskaf fan Frysk lesmateriaal. Yn oerlis mei it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de skoalbestjoeren sil de provinsje it jild brûke om de lisinsje- en oanskafkosten ôf te keapjen. Hjirtroch sil de regeldruk by de skoallen ôfnimme.