Categorieën
Fryslân Geschiedenis

PLAKKEN (1): BOKSUM

De kommende tiid wol ik hjir wat skriuwe oer plakken. Net sa mar wat plakken, mar plakken wêr’t no neat mear te sjen is fan wat der eartiids wól te sjen wie, plakken wêr’t wy soms samar sûnder euvelmoed oan foarby fytse of rinne. In lânskip feroaret altiten wer troch de minske en de spoaren derfan bliuwe achter.

Hjoed: Boksum. Wêrom Boksum? Der hinget yn ús treppensgat in kaart fan “Menaldumadeel, Wezentlyk Vertoont door B. Schotanus à Sterringa, Vermeerdert uitgegeven door F. Halma 1718”, in orizjinele kaart dus út 1718. Hy komt by ús heit wei en nimmen woe him nei syn ferstjerren hawwe: heit hie der op skreaun! Mei pinne en mei balpen! Op in orizjineel út’e 18de iuw!

Heit sneupte al foar de oarloch nei it ferline fan’e gritenij wêr’t er berne wie en hy hie dizze kaart kocht by in boekhannel yn Harns, dy hie dy dingen noch op’e souder te lizzen en hy koste hast neat, der wie gjin fraach nei. En omdat der ek noch gjin kopyen makke wurde koene, skreau ús heit syn fynsten út it argyf gewoan op’e kaart. Foar my is it no in oantinken oan heit wurden: yn in list achter glês falle al dy byskreaune wurden mar kwalik op.

De lokaasje fan it ôfbrutsen pleatske op in loftfoto; miskien de lokaasje fan it Munnickhuis.

En sadwaande kom ik no by it Munnickhuis. It wurdt op’e âlde kaart net neamd, mar ús heit hat blykber dit pleatske identifisearre en mei pinne dit fêstlein: it Munnickhuis yn Boksum. En dat makket it plak bysûnder! François Halma hat dizze namme grif net kind, mar ús heit moat him fûn hawwe by dit pleatske en ik leau him. Munnickhuis yn Boksum!

Yn’e fjirtjinde iuw hie it kleaster Lidlum in úthôf mei de namme Ter Poorte yn Boksum. Wat der op de terp stien hat, witte wy net. In bûthús mei in hûs? In kapel derby? Wie it te ferdedigjen? Wie der in poarte? Op’e foto is noch te sjen dat der in lytser fjouwerkant tsjin it grutste part fan it hiem leit, dat is op âlde stinsterreinen faak it plak fan’e stins. Mar wy hawwe gjin idee, it is net bekend.

Wat stie der op dizze hichte of terp by Boksum: in hûs, in kapel of in poarte? © Liuwe van der Meer

Wol bekend is dat de muontsen fan dit úthôf harren om 1330 hinne net sa gedroegen as fan harren ferwachte wurde mocht, der giene ferhalen rûn oer feesten en drank. Der sil ek wolris in faam snipt wêze, sa geane dy dingen dan, yn dy rûge tiden fan Skier en Fet.

Om dy reden reizge de tolfde abt fan kleaster Lidlum, Eelko Liauckama, in from man út it ferneamde Liauckamaslachte fan Seisbierrum yn maart 1332 nei it úthôf Ter Poorte om de muontsjen wer op it rjochte paad te krijen.

Abt Eelko Liauckema (omtrint 1270 – omtrint 1332).

It wie de 22ste maart, de sneon foar Peaske en de muontsen holden in grut miel wêr’t de abt ek by oansiet. Se hiene winliken fêstigje moatten, mar ta ergernis fan’e abt waard der goed iten en dronken. Sels iet er gjin fleis en dronk ek gjin wyn, hy die it fleis yn’e wide mouwen fan syn pij. En ja, doe gong it mis. Doe’t de abt harren op har ferkearde handeljen wiisde, waarden se lilk, smieten him foar de fuotten dat er sels it iten yn syn mouwen ferstoppe hie om it der letter noch efkes lekker fan nimme te kinnen, se rekken slaande deilis en sloegen de abt dea! En doe’t se yn syn mouwen seagen, kamen der wite roazen foar it ljocht! Ja, it wiene wûndere tiden! Ut lilkens smieten se it lyk fan’e abt ta it finster út yn’e grêft en dêr seach in frouspersoan him de oare deis driuwen yn it wetter. Grut opskuor fansels, it lyk waard nei Lidlum werom brocht en dêr yn it koar fan’e tsjerke begroeven. Hoe’t it mei de mannen yn Ter Poorte ôfrûn is, haw ik net fine kinnen, mar abt Eelko Liauckama waard hillich ferklearre, fanwege dy roazen fansels, want ja, net elkenien skoddet samar efkes in bosk wite roazen út syn mouwen..

Nei’t de kleasters opdoekt wiene yn 1580 waard Ter Poorte in gewoan pleatske, op in terp, en dat bleau it oant djip yn’e njoggentjine iuw. Doe waard it pleatske sloopt, de terp foar in grut part ôfgroeven en hjoedtedei lizze der soms wat skiep te dreamen op dy bult, dy’t noch altiten fan’e dyk ôf te sjen is.

De sleat om it gehiel. © Liuwe van der Meer

Der rint noch in sleat om it gehiel en soms mien ik, as ik der lâns ryd, noch wat driuwen te sjen yn’e sleat. Mar ja, dat kin net, hin? It is gjin 1332 mear.

© Liuwe van der Meer