Categorieën
Fryslân Wonen

Lânskipspine by Leons

It is mar in lyts doarpke. Neffens de Wikipedia wennen der yn 2021 25 minsken, ferspraat oer wat pleatsen en in pear lossteande huzen, wêrûnder in prachtich hûs njonken de tsjerke. Dy tsjerke is al âld, wijd oan de hillige Catharina en boud om ende bij 1300 fan giele âlde Friezen. It tuorke is út’e njoggentjinde iuw, der sil wol in sealtektoer foar stien hawwe. Ik haw it oer Leons.

Lânskipspine Leons. © Gemeente Ljouwert

It leit op’e romte, mei wide loften en Ids Wiersma, Klaas Koopmans of Bouke van der Sloot soene der in typysk Frysk doarp fan makke hawwe op har skilderijen, mei hjir en dêr in losrinnende hin en in pear hynders achter in stek. Of wat kij yn it lân.

Mar Leons moat ek opstjitten wurde yn’e feart fan’e folken en dus moat der rekreaasje komme, want dêrmei kinne de Leonsers wer wat libben yn it doarp bringe, tinkt men. Tinke B&W. Der is gjin winkel, der is gjin jachthaven en der is ek gjin pretpark, hoe’t dat libben der dan útsjen moat is my net rjocht dúdlik, mar hawar. Aansens meiinoar te melken by de boeren? Fierljeppe oer de Boalserter feart? Draakjefleane yn’e Jorwerter mieden? “Leuk, joh, we hebben ook nog gekáátst!”

Lânskipspine Leons. © Liuwe van der Meer

Leons is gjin rekreaasjekearn. De bou is yn striid mei de regels. It projekt past net yn it bestimmingsplan. Sa redenearren se yn Littenseradiel. No heart Leons by Ljouwert. En dêr witte se wol hoe’t der wat “skaafd” wurde kin oan sa’n plan. En dy gemeente krijt de ûntheffing fan it provinsjebestjoer ek wol foarinoar. Vraag niet hoe het kan, maar profiteer er van!

It hat dus swier kealle mei dit projekt en wa’t der nei sjocht no’t it projekt fierhinne klear is, begrypt ek wol wêrom: alle ferhâldingen binne fuort! De boumassa is sa grut, it heale doarp Leons kin der wol yn. Fyftjin apparteminten foar toeristen, as wy wat dogge, dan dogge wy dat ek goed, tinkt it gemeentebestjoer. Ik tink dat de toeristebelesting de trochslach jûn hat.

Mar wa betinkt sa’n plan? Wat dogge wy mei in ynstânsje as Hûs en Hiem? Hawwe se dêr stront yn’e eagen? Hawwe se gjin gefoel foar ferhâldings? Se hâlde ús en harsels foar de gek!

Lânskipspine Leons. © Liuwe van der Meer

Ast de tekening sjochtst fan it plan, dan bylket it net sa nuver: in bytsje in fûgelperspektyf, dan wurdt alles sa’n bytsje like grut. “De nieuwbouw krijgt de vorm van een kop-hals-rompboerderij met twee schuren. Daardoor lijkt het straks alsof er verschillende boerderij-erven liggen.” Witte se by de gemeente wol hoe’t in kop-hals-rompbuorkerijj der út sjocht? “Ja, er komen nog bomen omheen”. Hele hege beammen, tink ik. Yn 2065.

Ast mei beide fuotten op’e grûn stiest, dan sjochtst ynienen wat foar fisuele ramp hjir bard is. Sjochtst de beide boublokken fan fierens yn it lânskip al te lizzen, by Baard en Húns tinkst al fan “wat hawwe se dêr yn godsnamme by de ein?” Het gaat om een kwaliteitsslag, fine B&W. Oer hokker kwaliteit hawwe jimme it, B&W? Lânskippelike kwaliteit? Ferdomd, noch mar in pear jier by Ljouwert en de gemeente wit in prachtich lânskip te bedjerren, sa’t se ek mei dy kolossale Bonnematoer it lânskip oant Wommels ta fernield hawwe.

Lânskipspine Leons. © Liuwe van der Meer

Flak by de brêge oer de Boalserter feart steane in pleats en in wenhûs, dêr delsetten neffens in ûntwerp fan architekt Doeke Meintema troch de famylje Hodel. Dy binne mei soarch yn it lânskip tekene en delsetten, se passe har oan oan’e romte.

Dat de gemeente Ljouwert foar dit rekreaasjebouplan tastimming jûn hat, is ûnfoarstelber. Hjir hat in gemeenteried sitten te sliepen. It raast oan’e protters. As dy der noch binne, yn Leons.

© Liuwe van der Meer