Categorieën
Boeken Cultuur Geschiedenis Kunst Literatuur

Graf und Gräfin Rodeck geben sich die Ehre

Myn frou hat krekt “Het achtste leven” fan Nino Haratischwili út en wie út’e skroeven fan dit boek. En sa siet ik nyskes yn in wat waaierige tún mei dit boek op’e skoat my troch it earste haadstik te wrakseljen, wêryn’t de ik-persoan mimert oer har famyljeskiednis en benammen har oer-oerpake dy’t yn it begjin fan’e tweintigste iuw yn Georgië in sûkeladefabryk opsette en ek dreamde fan festigingen yn Moskou en Sint Petersburch. Sa lies ik.

En doe tocht ik oan Berthold. Dat seit jim neat, Berthold. Berthold, of better : H. Berthold, Aktiengesellschaft mit Fabriken in Berlin, Stuttgart, Wien, St. Petersburg und Wien, wie in Dútske letterjitterij dy’t yn it begjin fan’e tweintigste iuw in dik boekwurk útjoech mei foarbylden fan ‘e letters, rânen, sifers en plaatsjes foar de printerijen rûnom yn Europa. De printerijen koene dêrút lettertypen bestelle foar har eigen printerij. In kloek boekwurk, mei’k wol sizze. Sa moat ek in printerij yn Ljouwert, Snits of Grou sa’n boek krigen hawwe en der sille mei de letters fan Berthold ek hiel wat Fryske boeken printe wêze.

Earne yn’e jierren sechtich waarden sokke âlde boeken fansels fuortgoaid en sadwaande kamen twa fan sokke foarbyldboeken by it âld papier yn Reduzum telâne. En ja, ús heit organisearre as haad fan’e skoalle it opheljen fan it âld papier, en sa kaam er, as leafhabber fan kaligrafy (hy hie de akte “schoonschrijven”!) dizze beide boeken tsjin en dy woe er grif net yn’e papierpers weiwurde litte. Sa kamen se op syn studearkeamer te stean en ek ik brûkte dizze boeken as ik wer ris foar in rútbiljet in moai lettertype socht. En no steane se al wer tweintich jier by my yn’e kast en earlik, se wurde net mear brûkt. Ommers, yn elk Word-dokumint hast wit ik hoefolle lettertypen en mei de kompjoeter kinst dy letters yn alle maten en dikten op it papier toverje.

En doe lies ik Sint Petersburch en tocht fuortendaliks oan Berthold. Ja, it is wat in nuvere assosiaasje, ik jou dat ta, mar sa sit ik yninoar. Ik haw Berthold daliks opsocht. En dan sjochtst ynienen wat in geweldich boek it winliken is!

Foarside Berlin SW.

It is fan 1907,1908, der wurdt gjin echt jiertal neamd, mar de foarbylden yn it boek neame meastentiids 1908. De minske koe noch mar krekt fleane, it tal auto’s waard al wat grutter, en yn Dútslân, Ruslân en Eastenryk hiest noch in keizer, der wiene noch Grafen en Gräfinnen, en de sosjale ferhâldingen sprekke ek út dit boek! Oars sein, mei sa’n letterfoarbyldboek dûkst de tiid yn. En dat stiet dan by my yn’e boekekast.

Ut’e foarbylden sjochtst de krekt opkommende Jugendstill, sawol yn lettertypen as yn bledfersieringen. Sjochtst ek dat lang net eltsenien in typemasine hie: men koe in typeletter krije om printwurk it uterlik te jaan fan typewurk, kompleet mei smoarge letters! (Foar dejingen dy’t noait op in typemasine wurke hawwe: as de letters faak brûkt wiene, bleau der opdroege inkt yn’e letter sitten en dan koest soms it weefsel fan it lint mei inkt dat troch de typemasine gie sjen op it papier! Ja, “lint” sil jim ek wol net mear sa’n soad sizze, sykje it mar ris op.)

Foar my binne benammen de fisitekaartsjes en oar lyts printwurk it nijsgjirrichst. Wat hie ik graach by de driuwjacht wêze wold dy’t de Graf von Sodenfeld op 28 desimber 1908 organisearre, ûnder de besieljende lieding fan Oberförster Knauer! En dan, nei ôfrin, dy hazzen op-ite yn dy deftige seal fan Schloβ Landskron! Nee, myn pake Jan hat dy útnoeging noait krigen, dy wurke op it bûterfabryk en hie gjin gewear.

En wat hie ik graach de ynwijing bijwenje wold fan it nijboude jachtslot fan’e graaf en gravin fan Rodeck. “Hertha” hjitte it gebou en it hie ek in pronkseal, dêr holden se it feest, mei bal! En de auto’s helje jo op fan’t stasjon! Sissy kaam my foar de geast, wide hoepelrokken en deftige rokkostúms, of heardest dan in smoking te dragen? Ik wit it net, pake Liuwe wie yn dy tiid feehandeler en hat it feest ek mist.

Brief Berthold.

Yn 1908 wie Mata Hari al hiel aktyf yn Parys. Soe se oait optreden hawwe yn it Neue Akropolis-Theater yn Berlin, wêr’t se op 26 novimber 1908 in “Kunst-Abend” jaan soene, mei in “Darstellung hellenischer Bildwerke und Tänze unter Mitwirkung der Miss Hermione Thebis und des Herrn Richard Bühler- Hagen”? Se hie grif wol yn it foarprogram past.

It boek befettet tsientallen fisitekaartsjes, ek fan gewoane minsken, dy wiene der doe ek noch. Want ja, 1908! Yn’e Harkema en Beets wiene noch spitketen, der wiene noch feanbazen en de arbeiders mochten noch net stemme. Trouwens, de froulju ek net. Troelstra wie tige aktyf, en Domela Nieuwenhuis ek. De Titanic moast noch sinke en Blériot wie noch net oer it Kanaal flein. Trouwens, Adolf Hitler wie krekt in jier tefoaren ferhuze nei Wenen en wie krekt ôfwiisd foar de keunstakademy. Ek 1908.

De grafen fan Sodenfeld en Rodeck hiene grif gjin weet fan’e grutte ellinde dy’t der yn 1908 noch wie yn Europa, God hie it ommers sa beskikt, en se hiene al hielendal gjin aan fan’e grutte ellinde dy’t seis jier letter oer harren kaam.

Ik wit net oft Berthold ek yn 1914 sa’n dik boekwurk útbrocht hat, mar de wrâld dy’t yn it boek fan 1908 sa prachtich illustrearre waard, gie dêrnei yn fjouwer jier tiid nei gichem, de Grafen en Gräfinnen rekken har posysjes kwyt, de keizer naaide út en yn Sint Petersburch bruts de pleuris út. Nee, driuwjachten lizze sûnt wat op in minne namme en jachtslotten wurde der ek net mear boud. Yn ús tiid fergapje wy ús leaver oan de BN-ers dy’t yn Blaricum of Amsterdam grutte villa’s of penthouses keapje, mei swimbad en sa, of grutte jachten bouwe litte yn Makkum.

Yn 1908 hiene se neffens my dochs krekt wat mear styl…

© Liuwe van der Meer