(tekst: FNP Fryslân fan 22-05-2023)
Ofrûne snein wiene der lanlike ferkiezings yn Grikelân. In lytse EFA-delegaasje mei foarsitter Lorena Lopez de Lacalle en EFA-vicefoarsitter Frank de Boer fan de FNP wie begjin april op besite by DEB Partisi, de partij fan de Turkse minderheid yn Grikelân dy’t oansletten is by de EFA. Dêrneist wie de EFA te gast by ferskillende organisaasjes. It foel net ta.
Nei de oarloggen fan sa’n 100 jier lyn tusken Griken en Turken feroaren de grinzen yngripend en waarden de measte Griken yn it nije Turkije en de measte Turken yn Grikelân twongen om te ferhúzjen nei harren naasjesteat. De Grykse ynwenners fan Istanboel en de Turkse ynwenners fan de regio West-Thracië wiene dêrop de útsûndering. Yn it Ferdrach fan Lausanne leinen Grikelân en Turkije fêst dat de ‘Moslim-minderheid’ yn dat gebiet dêr wenjen bliuwe mocht en dat dy rjocht hawwe soe op in beskate autonomy, bygelyks op it mêd fan religy en ûnderwiis.
De Grykse steat erkend lykwols net it bestean fan in Turkse minderheid en yn de praktyk wurdt de mienskip bot tsjinwurke. Sa kinne ferieningen mei it wurd ‘Turkse’ yn de namme sûnt de jierren ’80 net registrearre wurde. Dat soe in gefaar foar de steat wêze. De Turkse Uny fan Xanthi – in feriening dy’t ûnder oare sportaktiviteiten en oare mienskipsaktiviteiten organisearret, is noch hieltyd net offisjeel registrearre, wat foar in soad ûnwissigens soarget. Hoewol’t it Europeesk Minskerjochtenhof Grikelân al yn 2008 feroardiele hat, wegert Grikelân de feriening te legalisearjen. It wantrouwen die ek wol bliken út it feit dat wy it hiele wykein folgd waarden troch ien fan de Grykse feiligheidstsjinst. Neffens de foarsitter fan DEB Partisi wie dat altyd sa by besite út it bûtenlân.
De delegaasje wie ek op besite op in twatalige skoalle. Dy skoalle wie fêstige yn in âlde tabaksfabryk en hie in lytse 1000 learlingen. De skoalle is âld en eins fierstente lyts, en nei ús betinken ek gefaarlik. Mocht der ris brân útbrekke, dan komme dy learlingen nea op tiid it gebou út. Der wurdt yn twa skiften les jûn.
In hiel oantal klaslokalen wiene yn de kelder, sûnder genôch deiljocht en fentilaasje. Guon romten wiene mei in sket troch midden dield, om twa klassen tagelyk lesjaan te kinnen. De learaarskeamer wie heal bûten, mei in pear terraslampen as ferwaarming. Mar dy wie al in pear moannen net oan west, want it budzjet liet dat net ta. De Turkse skoaldirekteur en syn Grykse ûnderdirekteur hiene de oerheid al ferskate kearen frege om in oar gebou foar de skoalle, mar krije gjin antwurd. En dat wylst oare Grykske skoallen yn deselde stêd wol yn ridlik moderne gebouwen fêstige binne.
Foar ús susterpartij DEB Partisi is de kiesdrompel yn Grikelân in grut probleem. Dit wykein wiene de ferkiezings foar it Grykske Parlemint, wêrby’t 300 sitten te ferdielen binne. DEB Partisi hat sjen litten by de EU ferkiezings fan 2019 dat se by steat wiene en wurdt de grutste partij yn de regio. Op lanlik nivo soe dat inkelde sitten betsjutte. Troch de Grykse kiesdrompel fan 3% hat de partij lykwols gjin kâns om lanlik sitten te krijen. En de mearderheidspartijen wolle net gearwurkje mei de partij fan de Turkse minderheid.
Foar de EFA is dat in serieus probleem dat yn ferskate Europeeske lannen spilet. Lytse partijen komme net oan de bak en de foarkar fan in soad minsken klinkt net troch yn de demokrasy. Yn Nederlân binne sa no en dan ek lûden dy’t pleitsje foar in kiesdrompel, mar it kin dochs net de bedoeling wêze dat de stim fan minsken net fertsjintwurdige is yn it publike debat? De EFA hat dêrom in kampanje tsjin kiesdrompels en it útsluten fan kiezers.
Sjoch ek fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1535/