Op 2 juny iepenet Lutz Jacobi de miny-eksposysje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ op it Gemeentekantoar fan Ljouwert. It is dêrmei ek de iepening fan de nije keunst-fytsrûte by tolve iisbanen lâns.
Lutz is foarsitter fan ‘Fietsplatform Nederland’, in organisaasje dy’t de belangen fan de rekreative fytser behertiget. In nije fytsrûte om it tema iisbanen hinne slút dêr goed by oan. De eksposysje bliuwt de hiele moanne juny sichtber en de rûtes fine jo yn it fergeze boekje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ en online fia www.iisbaankeunstrute.frl.
Gedichten, skilderijen en foto’s
Trije fytsrûtes, fan 98 kilometer, 68 kilometer en 56 kilometer, liede jo by tolve iisbanen yn Fryslân lâns. By de iisbanen steane buorden mei Fryske gedichten, gedichten yn streektalen, skilderijen en foto’s. De buorden binne foarsjoen fan in QR-koade dy’t linket nei de dichter dy’t it gedicht yn it Frysk of yn de streektaal foardraacht. Bysûnder is dat ien fan de gedichten ek yn gebeartetaal foardroegen wurdt. Njonken de tolve iisbanen by de rûtes lâns, binne der ek noch trije sichtlokaasjes. De iisbanen fan Wikel, Hylpen en Flylân binne gjin ûnderdiel fan in fytsrûte, mar se binne wol foarsjoen fan in gedicht, skilderij en foto. De buorden bliuwe stean oant 1 novimber 2023.
Fergees boekje
Ynformaasje oer de rûtes is sammele yn it boekje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’. It boekje iepenet mei in foaropwurd fan de Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M.Brok. De iisbaan yn ’e maaitiid is de ynspiraasje foar Fryske dichters en keunstners en is it tema fan de fytsrûtes wurden. It boekje is fergees te krijen by ûnder mear Toeristyske Ynformaasjepunten en fytsferhierbedriuwen.
Skiednis
Yn 2020 is it keunstboek ‘Iisbaan yn ’e maaitiid útjûn. Der wiene doe ek in eksposysje en lêzings pland, oant Koroana alles yn ’e war skopte en neat trochgean koe. It boek is de basis wurden fan dit nije projekt dat útwreide is mei fytsrûtes, buorden en in webside. Ek binne der nije skilderijen, foto’s en in gedicht oan taheakke.