(tekst: SP, oersetting FNP)
De plande sânwinning yn de Iselmar kin op minder stipe rekkenje as ferwachte. Minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat woe de sânwinning mooglik meitsje foar de wentebou, mar as it oan tal fan politike partijen leit kin de minister better nei alternativen sykje. De fraksjes fan de SP, GrienLinks, Partij voor de Dieren, D66 en de FNP hawwe de lapen gearsmiten om sawol yn Provinsjale Steaten as yn de Twadde Keamer fragen oan de bestjoerders te stellen oer de sânwinning.
De oanlieding foar de fragen is in rapport fan ferskate natuereksperts, dy’t derop wize dat it Iselmar in beskerme status hat. Dêrnjonken is it Iselmar wichtich foar de wetterfoarsjenning yn Nederlân. ‘As it al dreech is om yn farwetter te baggerjen út eangst foar fersmoarging en troebel wetter, hoe moat der dêr dan sân wûn wurde?’ freget inisjatyfnimmer Hanneke Goede (SP) har ôf.
Earder hat de oerheid in behearplan foar it Iselmar opstelle litten mei in kaart wêr’t wol en wêr’t gjin sân wûn wurde mei. It gebiet wêr’t de sânwinning plak fine moatte soe kleurt djipread. ‘It rammelt oan alle kanten’, neffens Goede. ‘Der is dêr dan wol sân, mar fierder steane alle seinen op read. It Iselmar is in natuergebiet, Gasterlân in nasjonaal lânskip en de wâlkanten binne in natuermonumint. Genôch reden om hoeden te wêze.’
Wentebou
Dat de minister de wentebou net fertraagje wol begrypt Goede wol. ‘Wy wolle allegearre dat der mei faasje boud wurdt. Mar dat betsjut net dat de earste plak wêr’t jo sân fine ek it bêste plak is om it te winnen. We kinne ek sjen nei oare lokaasjes en oare wizen fan bouwe. Sjoch bygelyks ek ris nei it op ‘e nij brûken fan materialen. Dy kant moatte wy hoe dan ek op.’
As de sânwinning troch gean soe, dan ûnderfynt net allinne de natuer dêr de gefolgen fan. Ek omwennenden en de toeristyske sektor meitsje har soargen oer ljocht en lûdsoerlêst. De minsken binne benaud dat de sânwinning it gebiet, mei syn skaaimerken fan rêst en tsjusterte, minder oantreklik meitsje sil.
Tekst: SP, oersetting FNP
Jo kinne ek trochklikke fia:
https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1531/