Twa grutte MBO-skoallen yn Fryslân, it “Friesland College” en “De Friese Poort” fusearren ferline jier en dus moast der in nije namme komme foar dizze nije ûnderwiismoloch. Wy brekke in sokke gefallen graach folslein mei it ferline en dan is in nije namme in soarte fan laxearmiddel om de âlde reputaasjes fan dy skoallen sa gau mooglik troch it rioel te spielen.
Sa waard it fernimstige “Firda” betocht. Troch tweintich man en in adfysburo, jawol!
Ik tochte earst: ”Hee, in Âldfryske namme!”, út’e santjin kêsten of keuren, út it Fivelgoër Lândriocht of sa, yn’e trant fan “Thio fiochtendan firda tha wilde diar ande tho firda thet unierich kind”, soks, as in soarte fan respekt foar ús taal en skiednis. It giet op’t lêst om in skoalle yn Fryslân, no? En in skoalle hat ek wat in foarbyldfunksje as it giet om it útdragen fan’e kultuer fan’e streek wêr’t men festige is. Of net?
Mar nee, die bliken, it is in Sweedsk wurd, it tiidwurk “firda” betsjut “fiere”, de nije organisaasje krijt in tiidwurd as namme, der hie dus ek stean kinnen fan “Skita”of “Pisshia” of “Migha”, sokssawat. Dan hie it Frysk west. Mar it moast Sweedsk wêze, dat fûnen se (de tweintich by de syktocht nei in nije namme belutsenen en it djoere adfysburo) fansels better passen by in skoalle dy’t ek festigingen hat yn’e Flevopolder (Stockholm of Malmö wiene wat in stap te fier, mar mei sokke bestjoerders wit men it fansels noait); it “wij moeten het groot zien, Van der Meer” jildt noch altiten.
En sa litte wy ús opnij yn’e sek naaie troch in steltsje megalomane bestjoerders dy’t mei harren bekonkele fúzje ek harren eigen moannesalaris wer aardich omheech tild hawwe, “wegens de grotere verantwoordelijkheid” fansels.
Dat “firda” slacht nei alle warskynlikheid nèt op de kwaliteit fan’e organisaasje, want wa’t op internet de kommentaren lêst op it bekend meitsjen fan’e namme, krijt al gau de yndruk dat der net safolle te fieren is bij Firda:
“Een groot aantal leerlingen verzuipt in het nieuwe leren. Niet alleen een tekort aan leraren is een ding ook het niveau is belabberd van de meeste leraren”. Okee, de stem des volks is net botte nuansearre. Mar dizze rekket grif de woartel yn it lid: “Gaat simpelweg om les geven op een normale manier. Begint met een vertrouwde omgeving waar iemand zich thuis moet voelen. Hoe groter een organisatie hoe meer een leerling verzuipt. Scholen zijn steeds meer een winstgevende organisatie geworden waarbij de top nou niet echt veel heeft met de school op zich maar vooral voor de bühne het nieuws haalt. Ondertussen rijden ze in een steeds grotere auto. Gek hè?” Dat skriuwt “Frieskk út Drachten. Ek net echt nuansearre. Mar eh..no ja! “
“Lesgeven op een normale manier” betsjut neffens my dat der wer gewoan leararen foar de klasse steane dy’t wat útlizze. Want ja, by it Nieuwe Leren moatte de berntsjes in protte dingen sels mar útfogelje (“Leer jezelf het leven door”!) mei in coach en sa, en as men dan in jier of sechtjin, santjin is, dan kinne de harsentsjes dat noch net altiten foarinoar krije. En dan wol it wolris mis gean.
Ach, Firda. Om mij hoecht “De Gearhing” of “Yn’e Mande” ek net, mar Firda? It is ek noch ferhipte min út te sprekken, fanwege de -r foar de -d, it is gjin wûnder dat de -r yn sommige wurden fersprongen is fanwege in makliker útspraak, Frida hie wat dat oanbelanget makliker west, njonken frituer, frisdrinken en frede. Miskien hie dat lêste wurd yn dizze tiid wol it passendst west. Mar ja, dat wie ek te maklik, dêr hiene net in tweintichtal minsken en in djoer betelle adfysburo oer te set hoechd.
© Liuwe van der Meer