Categorieën
Columns Onderwijs Taal

Mutte we dat allemaal opskrieve?

Ja, dat moatte jim allegear opskriuwe! Gôh, wat haw ik se wat opskriuwe litten. En ik skamje my der net iens foar! Dat komt fanwege in berjochtsje op’e foarkant fan’e krante fan hjoed: “Wie met de hand schrijft, onthoudt meer”. Dat wist ik al lang!

Ús learaar Nederlâns en skiednis op it Snitser gymnasium, Anne Wadman, diktearde yn’e earste klasse lange stikken oan ús oer de Earste Wrâldkriich en syn oarsaken. Wy skreaune dat ek braaf op, der wie net ien dy’t it yn’e kop krige en begjin te klaaien oer in lamme hân of sa, dikteare hearde der by. Sadwaande wit ik nochaltiten wa’t Gavrille Princip wie, wat de Entente wie, want Wadman moast sokke wurden sels ûnder it diktearjen op it boerd skriuwe, sokke frjemde nammen koene wy as tolfjierrigen noch net. Hy hat wat oan ús dikteard, ek yn’e hegere klassen, en dat wie in folslein akseptearre wize fan kennisoerdracht: ommers, ast wat opskriuwst moast efkes neitinke oer de foarm en dêrby wurdt it wurd yn’e harsens implementearre, sa’t se dat hjoedtedei sizze. Ik kin net neigean oft de kennis dy’t ik no noch haw ek sa yn myn harsens fêstlein is, mar Wadman hat der grif sines ta bydroegen. En in foar de dosint tige noflik bijferskynsel is ek dat de klasse stil wêze moat om it diktaat hearre te kinnen: it wie dé manier om in wat roerige klasse ta stilte te twingen..

‘De smearlappen’ fan Anne Wadman.

Doe’t ik op Mavo Nijlân begûn, krige ik op oanstean fan’e adjunktdirekteur in overheadprojektor, dêrmei kinst op transparanten in tekst skriuwe of printsje en oan’e klasse sjen litte. Grut foardiel: do stiest mei it gesicht nei de klasse en sjochtst presys wa’t op it punt stiet in propke of fleantúchje troch it lokaal te smiten. Soks dogge learlingen, hin, ast noch net skerp genôch bist. Kinst de tekst moai opskriuwe litte, yn etappes, mei kleuren en sa, de bern dógge wat en sitte op sa’n stuit net oan inoar, mar se binne oan it LEAREN, wat se sels noch net trochhawwe. Ast dit tusken dyn ferhaal troch dwaan litst, hasto it oersicht en de bern leare de dingen hast fansels. Want wat se opskriuwe wurdt yn dy harsentsjes implementearre, sille wy mar sizze.

Ik wit net oft ien der wat fan oerholden hat, ik hoopje yn elk gefal in bytsje algemiene ûntwikkeling, mar it berjochtsje yn’e krante fan hjoed die my wol goed, dat snappe jim wol. Der mei hiel wat op myn didaktyske faardichheden oan te merken west hawwe, mar mei dizze faardichheid siet ik wól op it goede spoar. Dat is nei safolle jier ek wol in noflike gedachte.

© Liuwe van der Meer