Categorieën
Fryslân Politiek

FNP net yn nij kolleezje DS

TIGE SPITICH, MAR WY BLIUWE STRIIDBER

(tekst: FNP)

De FNP reagearret teloarsteld op it einrapport fan ynformateur Stoffer. Yn it rapport advisearret Stoffer om in kombinaasje fan de partijen BBB, PvdA, CDA en CU fierder ûndersykje te litten oft sy komme kinne ta in akkoart.

De FNP fynt de kar bysûnder, omdat it hjir neist de BBB as grutte winner fan dizze ferkiezingen giet om trije ferliezende partijen en/of twa Haachske regearingspartijen. Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy hiene oars ferwachte, ek nei oanlieding fan de petearen mei Stoffer. Tematysk sitte wy hielendal net fier fan elkoar ôf en de kiezers hawwe de FNP wer in stevich mandaat jûn. As iennichste partij hawwe wy net ferlern en yn absolute oantallen binne wy groeid.’

De FNP neamt de kar fan Stoffer en de BBB dan ek net logysk mei it each op de opdracht fan Provinsjale Steaten om rjocht te dwaan oan de ferkiezingsútslach. Knol: ‘Mar wy binne net ferslein troch dit nijs. Kommende woansdei sille wy ús miening by it saneamde ‘duidingsdebat’ fierder taljochtsje. Mar fansels seagen wy it leaver oars.’

Provinsjale Steaten binne it heechste orgaan fan ús provinsje. Wat der fierder ek út de ûnderhannelingen komt en hoe’t it kolleezje der aanst ek út komt te sjen, wy bliuwe op hokker plak dan ek striidber.’ De partij jout oan mei in fierdere reaksje te wachtsjen oant kommende woansdei, de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Sjoch fierder fia: https://www.fnp.frl/frysk/nijs/1528/