Categorieën
Fryslân Natuur en milieu Politiek Súdwest Water

Natura 2000-behearplan foar Fryske Marregebiet leit op besjen

(tekst: provinsje Fryslân)

Der is in nij Natura 2000-behearplan foar it Fryske Marregebiet makke. Under it Fryske Marregebiet falle de Natura 2000-gebieten it Snitsermargebiet, Aldegeaster Brekken, Fluessen en omkriten en de Wite en Swarte Brekken. Fan 17 maart oant 1 maaie 2023 leit it ûntwerp-behearplan op besjen.

Krekt as yn it hjoeddeiske plan, bliuwt de ûntwikkeling fan moeras, wiete gerslannen en wetterfegetaasjes lykas de Ielstikel sintraal stean. Dat draacht by oan genôch geskikt leefgebiet foar bygelyks de kwetsbere marflearmûs en de Noardske wrotmûs, mar ek foar fûgels lykas de hoants en it bûnt reidhintsje. De Fryske Marren binne ek in wichtich rêstgebiet foar oerwinterjende fûgels lykas de smjunt en de lytse seachbek. Ek ûnderdiel fan it plan binne oanfoljende ûndersiken om de knyppunten en kânsen foar it behâld fan ferskate Natura 2000-soarten better yn byld te bringen.

It hjoeddeistige behearplan rint noch oant 1 july 2023. Dêrom is de ôfrûne tiid mei terreinbehearders, wetterskip, agrariërs, rekreaasje en belanghawwenden oan in nij plan wurke. Yn sa’n behearplan stiet hoe’t de bysûndere soarten yn de gebieten beskerme en fersterke wurde moatte. De provinsje is dêr ferantwurdlik foar. It nije plan is foar de jierren 2023 oant en mei 2029. It is beskiedend foar de fierdere ynrjochting, it brûken en behear fan de gebieten.

Feechbeslút: stikstofgefoelige natuer

Yn novimber 2022 hat de minister fan Stikstof en Natuer it Wijzigingsbesluit Habitatrichtlijngebieden vanwege aanwezige waarden (it ‘feechbeslút’) fêststeld. Yn de Aldegeaster Brekken binne der troch dy wiziging ekstra habitats en soarten troch it Ryk oanwiisd dêr’t in part stikstofgefoelich fan binne. Dy oanfoljende doelen binne noch net opnommen yn it ûntwerp-behearplan. De provinsje is tsjin dit beslút yn berop gien. De kommende trije jier sil al wol sjoen wurde hokker oanfoljende maatregels foar de nij oanwiisde soarten nedich binne. De maatregels wurde dan taheakke oan it nije plan.

Reaksje yntsjinje

It ûntwerp-behearplan leit foar in perioade fan seis wiken – fan 17 maart oant 1 maaie 2023 – op besjen. Yn dy perioade is it ek mooglik om in sjenswize yn te tsjinjen op it plan. It ûntwerpbehearplan, ynformaasje oer it yntsjinjen fan in sjenswize en ek ynformaasje oer it Feegbeslút en de effekten dêrfan, binne te finen op www.fryslan.frl/natura2000.