(tekst: provinsje Fryslân)
Deputearre Steaten fan Fryslân en it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan Ljouwert hawwe op 7 maart 2023 in yntinsjeferklearring ûndertekene om de kontoeren út de Gearwurkingsaginda Ljouwert-Fryslân 2030 yn konkrete ôfspraken, projekten en doelen út te wurkjen. Ein 2023 sille se de úteinlike ôfspraken fêststelle.
De gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân hawwe in lange skiednis fan gearwurkjen. De mienskip feroaret fluch en dat bringt mienskiplike útdagings en opjeften mei him mei. Dêrom wurkje beide oerheden oan nije gearwurkingsôfspraken. De kontoeren foar it gearwurkjen yn de kommende jierren steane yn it dokumint Gearwurkingsaginda Fryslân-Ljouwert 2030.
Ikoanprojekten en gearwurkingstema’s
Oant 2030 wolle provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert tegearre, en yn ‘e mande mei in soad partners, de skouders sette ûnder seis saneamde ikoanprojekten en tema’s, dy’t de ynwenners fan stêd én regio te’n goede komme. Want mei-inoar hawwe provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert de slachkrêft om grutte projekten en opjeften ta in sukses te meitsjen.
De neamde projekten binne ferskaat fan karakter:
- Spoorzone, grutskalige stedske en ynfrastrukturele ûntwikkelingen om it spoar hinne, fan it knooppunt Werpsterhoeke fia it haadstasjon oant de eastkant fan de stêd.
- Kennisinfrastructuur, fuortsterking fan it kennisklimaat en de kennisekonomy yn Fryslân oangeande Wetsus, Dairy Campus, Campus Fryslân en de hegeskoallen.
- Culturele infrastructuur, it útbouwen fan de krêft en útstrieling fan kulturele sektor.
- Digitalisering, gearwurking yn digitalisearring om de Fryske mienskip op it mêd fan data en tsjinstferliening goed fan tsjinst wêze te kinnen.
- Greidhoeke plus, yn ‘e mande mei alle oanbelangjenden sykje nei in goede balâns tusken lânskip en lânbou, mei it fuortsterkjen fan it greidelânskip en in goede takomst foar agraryske ûndernimmers.
- Leeuwarden Oost, wurkje oan de kwaliteit fan it wenningbestân en de ferbettering fan de leefberens en feilichheid yn dat gebiet.