Kommende sneon 4 maart giet de ekskurzje fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken ûnder oaren nei de tsjerke fan Koarnwert. Yn 1865 krige dizze in nij oargel, makke troch de firma L. van Dam út Ljouwert.
De earste bespiler wie skoalmaster Wytze Hellinga, berne yn Grou en skoalmaster yn Koarnwert; Obe Postma moat by him yn’e klasse sitten hawwe. By de ynwijing fan it oargel spile master ûnder oaren Psalm 150, “Laat zich ’t orgel overal bij het juichend vreugdgeschal tot des Heren glorie paren!” Ja, dy psalmtekst út 1773, it bliuwt in pronkje!
Hellinga hat it oargel hast fjirtich jier bespile, oant 1904. Njonken it oargel hinget it oaljefervepertret fan’e âlde Hellinga, as in soarte fan earbetoan. Syn soan Gerben gong ek it ûnderwiis yn en syn pakesizzer, dy’t er net kend hat, waard de ferneamde Neerlandicus Wytze Gerbens Hellinga, ûnder oaren ferneamd troch syn stúdzje oer Reynaerd de Vos.
It oargel hat de tiid goed trochstien; yn’e rin fan’e tiid is der mar ien register ferfongen, de Quint waard yn 1920 in Violon 8 Vt, mar by de lêste restauraasje fan 2019 is dy Violon wer ferfongen troch in nije Quint 3 Vt, en sadwaande hat it oargel wer de disposysje fan 1865, âlde Hellinga soe der sa wer in Psalm 150 op spylje kinne. Ik bin wol benijd hoe’t dy psalm doe klonken hat..
Mar jo kinne it oargel besjen èn hearre op sneon 4 maart, tusken healwei tolven en fiif oere!
© Liuwe van der Meer