(tekst: provinsje Fryslân)
Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar it fuortsterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 20 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje. Der is û.o. subsydzje beskikber foar it oplieden fan dosinten, it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal en it frijroasterjen fan ûnderwiispersoniel foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030.
Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk.In oanfraach yntsjinje kin fan 20 febrewaris 2022 oant en mei 1 oktober 2023. Der is € 400.000 foar de skoallen beskikber. Alle ûnderwiissektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. It maksimale subsydzjebedrach ferskilt nei ûnderwiissektor.
Deputearre Sietske Poepjes: “Mei de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter kinne skoallen ekstra stipe krije foar it útfieren fan harren ambysjes foar it Frysk. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.”
Yn 2022 ûntfongen 99 skoallen yn Fryslân in subsydzje út de regeling Frysk foar no en letter. Dêrfan wiene der 77 oanfragen fan basisskoallen en 17 oanfragen fan skoallen yn it fuortset ûnderwiis. Fjouwer berne-opfanglokaasjes en ien hbû-ynstelling diene in subsydzje-oanfraach. Der waard ferline jier mei-inoar € 422.000 oan subsydzje ferliend.
Wizigings subsydzjeregeling
De subsydzjeregeling is dit jier op in oantal punten oanpast neffens it ferlet fan de skoallen. Skoallen kinne no twa kear subsydzje oanfreegje de iepenstelling yn stee fan mar 1 kear. Ek ûntfange de skoallen no in folsleine subsydzje foar les – en lêsmateriaal en kulturele aktiviteiten. Reiskosten dy’t makke wurde foar kulturele aktiviteiten binne foar 50% subsidiabel.
Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Ûnderwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).
Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op: www.taalplan.frl.