Categorieën
Cultuur Politiek Súdwest

FNP-riedslid Jikkie Ruiter (SWF) op de bres foar Gysbert

FNP-riedslid Jikkie Ruiter skriuwt dat It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert yn 1979 is oankocht mei as doel om der in museum fan te meitsjen. Der wiene – troch de jierren- in protte aktiviteiten oangeande it Frysk.

Sûnt de kolleksje fan it Gysbert Japicxhûs is ferpleatst nei De Tiid is it stil wurden rûnom Gysbert. Derom freeget Ruiter op moandei 19 desimber 2022 oan CDA-wethâlder Petra van den Akker fan kultuer ûnder mear:

Septimber 2022 is troch de wethâlder oanjûn dat de rezjy oer it GJ-hûs by de gemeente leit. Der wurdt ûndersocht hoe dit bysûndere plak yn ús gemeente in nije bestimming krije kin. Wat is de status fan dit ûndersyk?

Mear ynformaasje is te sjen fia: https://sudwestfryslan.nl/wp-content/uploads/2022/12/2022-12-19-FNP-I-Gysbert-Japicx.pdf