Categorieën
Cultuur Fryslân Politiek

Sijbe Knol op Fedde Schurer-lêzing: Fryske Oanpak foar in Bettere Takomst

Taspraak útsprutsen troch FNP fraksjefoarsitter Sijbe Knol
by de Fedde Schurer-lêzing op 19 novimber 2022
.

Middei Dames en Hearen. Moai dat de seal sa goed fold is. Tank oan de organisearjen en belutsen organisaasjes. Ek in wurd fan tank oan Tresoar dat wy hjir yn dizze prachtige romte telâne kinne.

It is bysûnder om hjoed sprekke te meien op de Fedde Schurer-lêzing. Op de kop ôf 71 jier nei Kneppelfreed. De dei dat der in wichtich fûnemint foar de Fryske taal ôftwong waard. Dat ik hjoed de dei oeral yn dizze provinsje myn taal, de taal fan it hart, wêr’t ik yn tink, dream, praat en de leafde fûn, brûke kin, sjoch ik as in direkt útfloeisel fan de striid dy’t op
en nei 16 novimber 1951 west hat. Mar it bliuwt in striid dy’t noch hieltyd konstant oandacht fertsjinnet.

Wa’t hjoed stevige oneliners fan in hardliner ferwachtet, sil ik teloarstelle moatte. It wurdt tiid foar in ferhaal op de ynhâld en dêr is dit neffens my by útstek it plak foar. Fansels nimme wy ôfskied fan grutte wurden as Deltaplan voor het Noorden en Lelylijn, mar ik wol jo graach
meinimme yn it ûnderlizzende ferhaal fan it ôfskied. Sjoch it as in grêfrede foar it Haachske koartetermyntinken en in waarm pleit foar de takomstfyzje dy’t Fryslân fertsjinnet yn ien. De nammen Deltaplan voor het Noorden en Lelylijn steane no krekt it iepen debat oer dy
takomst fan ús provinsje yn de wei.

Dat moat in debat yn de folle breedte wêze. Wêr’t wy nei ta wolle soe yn it earste plak in fraach oan de ynwenners sels wêze moatte. Politisy en bestjoerders kinne, of moatte eins de dilemma’s sketse, mar net oer de hollen fan ús ynwenners in blaudruk oplizze. Der is yn ús provinsje ek alle romte foar om ús mienskip wol goed mei te nimmen.

Yn Fryslân wurdt fanâlds oeral en op allegearre manieren gearwurke. Koöperaasjes en oare gearwurkingsferbannen binne der lyts en grut, doarpsbelangen en wykfertsjintwurdigingen helpe ús ynwenners om dingen te berikken, der binne foar fan alles en noch wat ferieningen
en stiftingen dy’t it realisearjen fan de winsken fan ús mienskip mooglik meitsje, der is in hiele warbere mienskip. Foardat ik yn gean wêrom wy in nij start-punt nedich hawwe jou ik graach in skets fan hoe’t dit no allegearre rûn is yn de ôfrûne pear jier.

Sjoch fierder fia: https://cms.fnp.frl/cms/bijlagen/Fedde_Schurerlzing_2022__Sijbe_Knol__Fryske_oanpak_foar_in_bettere_takomst.pdf