Yn de Steategearkomste fan 26 oktober hat Provinsjale Steaten ôfskied naam fan Wieke Wiersma as Steatelid foar it CDA. Sy wurdt opfolge troch Harmen Gerbrandij.
Wiersma, dy’t wennet yn Ljouwert, sil har rjochtsje op har wurksumheden as fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Ljouwert. Yn deselde gearkomste is Harmen Gerbrandij ynstallearre as Steatelid. Gerbrandij wie oant syn ynstallaasje kommisjelid. Hy wennet yn Warns en wurket as agrarysk bedriuwsadviseur.