Categorieën
Cultuur Financiën Fryslân Politiek

35 Fryske monuminten krije subsydzje foar opknapbeurt 

(tekst: provinsje Fryslân)

Goed nijs foar eigeners fan fiifentritich Fryske ryksmonuminten, gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen. Sy kinne oan ’e slach mei plannen foar ûnderhâld of restauraasje. Trije fan de monuminten krije subsydzje sadat sy in arsjitekt of oannimmer ynhiere kinne om harren plannen technysk fierder út te wurkjen. De oaren kinne oan ’e slach mei de útfiering fan restauraasje en ûnderhâld. It giet om in bedrach fan mei-inoar 1,9 miljoen euro oan ryks- en provinsjaal jild.

Deputearre Klaas Fokkinga is wiis mei de restauraasjes. “As deputearre fan erfgoed bin ik optein dat wy dizze monuminten finansjeel stypje kinne. Wy moatte goed op ús erfgoed passe, dat is wichtich foar de identiteit fan ús provinsje, it Ferhaal fan Fryslân. Boppedat hâldt it ús stêden en doarpen moai en leefber.”

Foarbyld goedkard plan

Net allinnich de grutte monuminten komme yn oanmerking foar subsydzje. Ien fan de fjouwer teehúskes tsjin it Noarderbolwurk yn Frjentsjer hat subsydzje takend krigen foar restauraasje fan it dak. Yn ‘e earste helte fan ‘e 17de iuw lieten de professoaren siertunen mei simmerkoepels oanlizze. Fierders hiene yn ’e stêd allinnich de stinzen in koepel yn de tún. Earst nei 1734 mochten der ek yn ‘e tunen fan huzen koepels boud wurde. Yn 1746 waard de grûn tusken it bolwurk en û.o. de Eisingastrjitte beskikber foar partikulieren en mocht oan it bolwurk ta in tún mei alles wat der om-en-ta heart oanlein wurde, dêrûnder dat teehûs.