Categorieën
Fryslân Politiek

Nije koälysje Noardeast-Fryslân: Foar de Mienskip

Troch FNP Noardeast-Fryslân

FNP hat, as grutste partij yn Noardeast-Fryslân, it foartou naam oangeande it foarmjen fan in nije koälysje neidat in konstruktive gearwurking yn’e foarige koälysje net mear mooglik wie.

Op advys fan’e ferkenner binne der petearen mei FNP, CDA, ChristenUnie en GB NEF start. Ûnder lieding fan de ynformateur, de heer Van Esch, hawwe der yn betrouwen hiele moaie, goeie konstruktive petearen plak fûn en is der in moai nij koälysje-akkoart ûntstien. Wêrby alle fjouwer partijen fertrouwen yn inoar hawwe. In protte saken út it âlde akkoard binne al yn gong setten. Hjirtroch hat it âlde akkoard as basis tsjinne foar it nije akkoard. Nije wike tongersdei, 24 oktober, wurdt it nije koälysje-akkoart “Foar de Mienskip” troch de ynformateur oan de ried oanbean.

Foar de FNP binne wichtige saken opnaam yn it akkoard. Sa hawwe wenningen foar û.o. ús jongerein in hege prioriteit. Fansels fertsjinnet ús eigen taal rom omtinken yn it akkoard. De sichtberens fan it Frysk yn dwaan en litten fan de gemeente moat fanselssprekkend wêze. Mar ek binne der guon saken skerper delsetten, wat hiel goed is foar de dúdlikens, lykas it lytse skoallenbelied. FNP hat altiten dúdlik west oer lytse skoallen. Skoallen binne it hert fan in leefbere mienskip. Ek de nije koälysjepartijen sitte op deselde tinkwize.

In oar wichtich punt is hoe om te gean mei ontheemden. FNP is foarstanner foar it húsfêtigjen fan statushâlders yn gearhing mei in yntegrale oanpak foar húsfêsting foar oare doelgroepen sa as starters, jongerein, soarchfregers en doelgroepen út de urgentieferoardening. De earder oannommen moasje, yntsjinne troch de FNP, sil útfiert wurde. Derneist wolle wy de regy hâlde oangeande it húsfêstigjen fan asylsikers, wêrtroch de gemeente betrouber is rjochting ús mienskip en it COA. Ek dit past by it gedachteguod fan FNP “nei aard, skaal en karakter”.

Dêrneist is der oandacht foar de enerzjytransysje en duorsumens. Somtiden wurde wy ynhelle troch de realiteit. Op it gebiet fan de enerzjytransysje is dat it gefal. It nije akkoard jout ús de mooglikheid om ek hjir oandacht foar te hawwen.

FNP hat betrouwen yn it nije akkoard. Wy gean mei betrouwen in konstruktive gearwurking temjitte, wêryn wy it foar ús Mienskip dogge!